Iepenloftspul Houtigehage “Gean of bliuwe…..?”
Dizze fraach jout sa’n hûndert jier ferlyn in bulte gedoch yn buertskip Luchtenveld op ‘e Houtigehage. Ien fan de lêste plakken dêr’t de bewenners noch heide ta boulân as greide meitsje en dêrnjonken wurkje wolle wêr’t mar wurk te finen is. De omstannichheden wêrûnder binne njonkenlytsen bekend. It tiidrek tusken twa wrâldkrigen is tekene troch oarloch, flechtelingenproblematyk, earmoede, honger, útbuting en arrogânsje fan macht. Jonge minsken mei ambysje sykje nei wizen om fuort te kommen. Emigreare nei in oar lân? Dus “Gean of bliuwe?”

Foar de bewenners fan ‘e heide jildt mar ien opjefte: oerlibje! Sa’t Shakespeare al ieuwen ferlyn skreaun hat: “To be or not to be…… that’s the question”. Oftewol: hokker ynfloeden binne der op it minsklik dwaan en litten en wat hâldt ‘goed en kwea’ dan yn? Fraachstikken fan alle tiden dy’t liede kinne ta útsprutsen sociale en politike stânpunten mei dêrnjonken skerpe tsjinstellings op it mêd fan it leauwen……

Hawar….. binne it eins oare problemen as hjoeddedei? Luchtenveld efkes mei de Brexit it sintrum fan ‘e wrâld? Dat is de fraach….oan de taskôger it antwurd. Kin it aktueler?

Skriuwer en regy fan it stik: Wimpy de Vries.

Openluchtspel Houtigehage “Gean of bliuwe….?”
Deze vraag brengt zo’n honderd jaar geleden heel wat te weeg in het buurtschap Luchtenveld bij Houtigehage. Een van de laatste plekken waar bewoners van de onvruchtbare heidegrond onder erbarmelijke omstandigheden een bestaan moeten opbouwen door ontginning en
bijverdiensten. Dit in een tijd die gekleurd is door oorlog, vluchtelingen, armoede, honger, uitbuiting en arrogantie van de macht. Eveneens een tijd waarin jonge, ambitieuze mensen een zoektocht beginnen naar de vlucht uit armoede en uitzichtloosheid. Emigreren of thuisblijven?

Voor de bewoners geldt maar één opdracht: overleven! Zoals Shakespeare schreef: “To be or not to be…… that’s the question”. Wat beïnvloedt ons menselijk handelen en wat houden ‘goed en kwaad’ dan in? Vraagstukken van alle tijden dus, die binnen “Gean of bliuwe….?” leiden tot scherpe sociale-, politieke-, of religieuze keuzes en tegenstellingen.

Wezenlijk andere problemen dan wij anno 2019 ervaren? Luchtenveld even met Brexit het centrum van de wereld? Dat is de vraag…Aan de toeschouwer het antwoord. Kan het actueler?

Auteur en regisseur van het openluchtspel is Wimpy de Vries.